De Fryske spagaat yn Ensafh

In siel krijt by de berte in wenplak en in namme. Myn berte joech wat rebûlje yn de Fryske famylje doe’t bliken die dat ús mem de nije stamhâlder net Manus Durk neame woe, sa’t de famyljetradysje dat foarskreau. Us heit hjitte Durk Manus, ús pake Manus Durk en ús oerpake wer Durk Manus … ad infinitum. De wegering fan ús mem waard troch de Fryske famylje opfette as in revolte tsjin it skaai fan de Mousen. Der waard mear as ien kear besocht te bemiddeljen, mar hieltyd sûnder resultaat. Uteinlik waard de sfear wat ûnoangenaam en makke ús mem de post út Fryslân net mear iepen. Se smiet dy brieven net-iepene yn de koalekachel sûnder dat ús heit dêr weet fan hie. Myn namme waard úteinlik Hubertus Johannes om’t ús heit hechte oan in typysk Limboarchske namme. Gaasterlân is it Limboarch fan Fryslân.

(…)

Yn de maitiid fan 2024 hoopje ik myn nij boek te publisearjen dat giet oer ‘de Fryske spagaat’. It wurdt gjin leafdesferklearring oan Fryslân, gjin syktocht nei myn eigen foarâlden, gjin befêstiging fan de Fryske mytology en nei alle gedachten ek gjin bestseller. Myn gedachten kamen út in krityske foarm fan fassinaasje. Dat is al in spagaat op himsels. Ik bin allergysk foar elke foarm fan mytefoarming, mar ik wurd der ek hieltyd wer troch oanlutsen. In myte is sokssawat as ‘beferzen tiid’. En tiid dy’t stilstiet, hat wat treurichs en tagelyk wat treastends yn him.

(De rest van dit artikel is te lezen in het zojuist verschenen nummer van Ensafh.)

Reageren is niet mogelijk.