Tusken Brel en Reve

Tsjintwurdich skriuw ik ek yn it Frysk. Ik bin sels oan it dichtsjen slein, eat dat ik eartiids like ûnwierskynlik talike as in sniebui yn augustus of in sjongende molkbus yn de greide. Dochs is it bard. Sa haw ik in ferneamd chanson fan Jacques Brel op ’e nij “oerdichte” yn it Frysk, mei as titel: Der falle grouwe flokken op ’e Weaze. Sûnt dy tiid haw ik it gefoel dat der earne djip ûnder de klaai in twadde tonge yn my wekker wurden is, in tonge dy’t soms mear wit as iksels. It Frysk kaam net stadichoan, mar as in âlde omke dy’t samar troch de efterdoar binnenstapt, in stoel pakt en seit: “No sil it mar ris oars.”

Ek haw ik in beskôging skreaun oer Gerard Reve, Fryslân en de Fryske taal, dy’t ferskynd is op de side fan it Fryske literêre tydskrift Ensafh. (sjoch hjirre) Dat allinne al like my jierren lyn folslein ûnfoarstelber. Ik wie ommers in Hollanner dy’t it Frysk benammen seach as eat foar manlju mei platte petten, dampende jirpels en in earnstige leafde foar skûtsjes. Mar stadichoan begûn de taal my te besetten as in lichte foarm fan goedaardige gekte.

No tink ik gauris yn wurden dy’t ik eartiids net iens útsprekke koe sûnder te stroffeljen. Soms wurd ik wekker mei in Fryske sin yn ’e holle dy’t nearne wei komt, as hie in ûnsichtbere doarpsdichter him nachts yn myn harsens ferskûle. By min waar hear ik de rein ynienen Frysk praten tsjin de rúten. En lêsten tocht ik sels efkes dat in ko my op ’e dyk yn it Frysk goeie sei. Dat kin fansels net, mar sûnt wannear moat alles noch kinne?

Soe it dan dochs noch wat wurde mei my yn it bêste lân fan ierde? Ik begjin it te fermoedzjen. Al wie it mar omdat ik my hieltyd faker betraapje op it feit dat guon gedachten inkeld yn it Frysk bestean wolle — as wetter dat allinne mar troch ien bepaalde sleat streame kin.

.

DER FALLE GROUWE FLOKKEN OP ’E WEAZE

(frij nei Jacques Brel)

Der falle grouwe flokken op ’e Weaze,
en de snie snijt oeral yn ’e goaten.
Der falle grouwe flokken op ’e Weaze,
dêr’t swart wetter en in clown inoar kruse.

It gûlen is bryk
fan oeren en fûgels,
fan huorren en snuorren,

fan swart en fan griis.
Der falle grouwe flokken op ’e Weaze,
wylst it wetter streamt yn stilte.

Der falle grouwe flokken op ’e Weaze,
en sa sweeft de snie tusken himel en Weaze,
dat men net mear wit oft it snijt op ’e ierde
of dat de Weaze nei de himel ta stiget.

En de snie trout
de begjinnende frijers,
de kuierjende frijers
op ’e wite stoepe.

It snijt,
it snijt op ’e Weaze,
wylst it wetter fuortstreamt yn stilte.

Fannacht snijt it yn myn dream op ’e Weaze,
dy’t it wetter meinimt yn stilte.

.