De Koppen fan Ljouwert (ingezonden)
Bartle Laverman
De Koppen fan Ljouwert
Ik reizige nei Ljouwert
om de fontein te sjen
dy’t in Spanjaard
dêr betocht hie
Ik reizige mei it byld
fan Caspar de Robles
de twakop
op de dyk bij Harns
eagjend oer lân en see
op syk nei hoarizonten
hoopjend op in takomst
Ik reizige nei Ljouwert
nei it plak fan kommen en gean
in plak om net te wêzen
plak fan de fontein
twa koppen
tsjinoer inoar
wyt en ûnbeskreaun
namleas harsels spegeljend
sûnder fiergesichten
yn in wetterdize
en ik tocht:
wow
sa fan dizze tiid !