Ingezonden bericht
Gysbert en de frucht
fan de Fryske ynstitúsjonalisearring
“Wy hawwe as sjuery oanjûn dat wy ree wienen om in shortlist op te stellen, mar noch Tresoar noch de provinsje binne dêr op yn gien. De provinsje hat der tefolle in rem op set, omdat se earst har eigen literatuerbelied ynfolje en folgje woe,” seit Ate Grypstra, sjuerylid fan de Gysbert Japicxpriis 2011. “Uteinlik is der neat gebeurd. Gjin reuring, gjin ruchtberheid. Dat hat my fernuvere. It idee om de Gysbert mear status te jaan, is mislearre, de priis sels is ûnderstek dien.”
Dat wol net sizze dat der neat besocht is. Mar yn ’e praktyk kaam der neat fan op ’e hispel. Konkreet: begjin maart hat Tresoar, yn de persoan fan de literatuerbefoarderer Teake Oppewal, neffens Linkednet tsjintwurdich consultant Frisian literature, de sjuery tante oft se meitinke woe oer de fraach om mear ruchtberheid te jaan oan de Gysbert Japicxpriis fan dit jier. Grypstra: “Wy hawwe doe witte litten dat soks net ús taak is. Tresoar hat doe noch by de Provinsje oan west, mar is neffens my weromfluite.”
Tresoar kaam dêrnei neat mear út hannen. Sterker noch, men joech it oer, joech it spul yn hannen fan de provinsje, makke har ôfhinklik fan de amtners, foarljochters en kommunikaasjedeskundigen fan deputearre Jannewietske de Vries, dy’t mei in soad p.r. it grutte Gysbert-kabaal meitsje soenen. Soenen… Ja, ja, slûge soe ek en stoar earder. Fanôf de kant fan de provinsje hat de Gysbert-sjuery bygelyks formeel noait in fersyk ta it opstellen fan in shortlist krigen.
Twa jier ferlyn kaam de deputearre mei it sizzen dat se derfoar soargje soe dat de priis ‘mear status’ en ‘mear ruchtberheid’ krije soe, mar Jannewietske de Vries is yn dit stik fan saken net mear geloofweardich, yn har belied is se ûnbetrouber wurden. Is de troch har taseine ferheging fan it prizejild der kaam? Nee. Hawwe de troch har taseine provinsjale skriuwersbeurzen foarm en ynhâld krigen? Nee. Binne der prikken yn it wurk steld om mear ruchtberens oan de priis te jaan? Nee. De deputearre mei dan wol sizze: ‘Wy hawwe mei de Fryske literatuer goud yn hannen,’ mar yn it stik fan de Gysbert hat se der in âld izerhannel fan makke.
Ein augustus lei it lêsrapport fan de Gysbert-sjuery, ynbegrepen de namme fan de laureaat, op de burelen fan de provinsje. Mei wat mear oerlis en in bettere koördinaasje tusken Tresoar, de provinsje en de útjouwers hie der gelegenheid genôch west en meitsje mei de nedige tamtam de ynteresse by it publyk los. “It spul liket ferkommen te wêzen yn burokrasy,” ferdútst Ate Grypstra syn yndruk fan de gong fan saken. “Tresoar lei de saak by de provinsje del en de provinsje die dat oarsom. In spultsje Fryske pingpong.”
Sjueryfoarsitter Willem Verf folt oan: “Yn ferbân mei it wat dûbele karakter fan de priis – soms giet it om in priis foar in oeuvre, soms foar ien ôfsûnderlik boek – hawwe wy it útstel dien ta it oanleverjen fan in shortlist en it ynstellen fan in publykspriis. Dat is net troch elkenien, sis bepaalde eleminten binnen de Bûterhoeke, likegoed oppakt. Fierders woe it nije gearwurkingsferbân fan útjouwers, de Stichting Boeken fan Fryslân, gjin ferantwurdlikheid nimme foar ús plannen en útstellen, omdat se fûnen dat se te koart tiid hienen.” Verf lit fierders witte dat de sjuery mei in knap kritysk sjueryrapport komme sil. “Der sil in tal kanttekeningen makke wurde by de proseduere fan dit jier en der is in tal krityske advizen foar de polityk.”
De betelle krêften fan Tresoar dy’t har as beropsfriezen dwaande hâlde mei de befoardering en de promoasje fan de Fryske literatuer – foar skriuwers meastentiids oars net as hongerlapjend willewurk – hienen by alle sloffens en sleauwens fan de Provinsje faaks noch wol it ien en oar fan har eardere plannen op Gysbert-priemmen sette kinnen. Mar nettsjinsteande dat it yn septimber/oktober De Moanne fan it Fryske Boek is, bleau it piseameldersstil. De literatuerbefoarder Teake Oppewal bygelyks wie te drok mei it tarieden en útwurkjen fan syn âldwivehobby, in lêzing oer famyljerelaasjes yn de Fryske literatuer. “Wat mear piid en inisjatyf by de minsken op ’e Bûterhoeke, dêr hie it net minder fan woarn,” seit Ate Grypstra.
Ek de literêre tydskriften, de Moanne en Ensafh. hienen it ôfrûne healjier net of amper omtinken foar de heechste literêre priis fan Fryslân. Haadredakteur Ernst Bruinsma is fan betinken dat “skriuwe oer de Gysbert pas doel hat op it momint dat de winner bekend is. Wat ik al ferwachtsje,” seit er, “is dat de hichte fan it jild dat by de priis heart ferdûbele wêze sil.” Nettsjinsteande it dozyn redakteuren dat it literêre tydskrift Ensafh. telt, kaam it blêd it ôfrûne heal jier net fierder as de presintaasje fan in longlist en in ûnnoazel yninoar knutsele poll. Koartsein, de iennige reuring dy’t der komme soe, wie de reuring oer it útbliuwen fan reuring.
Offisjeel mankearret it him op dit stuit allinnich noch oan in krol fan deputearre Jannewietske de Vries ûnder it troch har amtners tarette Gysbert-stik, dat moarn, 11 oktober, troch DS behannele wurdt, in stik dat yn ien kear ôfhammere wurde sil. Yn de kuiergongen wurdt grute dat de deputearre, tagelyk mei it bekend meitsjen fan de namme fan de laureaat, de oankundiging dwaan sil dat se meikoarten har portefeuille kultuur opjout omreden fan har mislearre, fout op fout steapeljend belied. In wiis beslút en it is te hoopjen dat Jannewietske de Vries no ris werklik trochpakke sil. De Gysbert Japicxpriis – it giet, en dit is it alderlêste nijs, om in oeuvrepriis – wurdt op tiisdei 8 novimber útrikt yn Boalsert.
Eeltsje Hettinga, 10 oktober 2011