Een brief over mijn pake

pake0001.jpg

Dit is mijn pake. Ik heb hem nooit gekend. Hij heette Manus Durk Mous. Zo had ik ook moeten heten, want mijn vader heette Durk Manus Mous. Om en om – Manus Durk, Durk Manus, Manus Durk – zo ging dat vroeger bij de stamhouders. Mijn moeder wilde die naam niet en zo werd het ‘Huub’. Hubertus Johannes, want zo heet ik voluit. Mijn naam betekende dus een breuk in de traditie van de Mousen. Daar is destijds heel wat om te doen geweest, maar mijn moeder hield voet bij stuk. Gelukkig maar. De naam ‘Manus Durk’ doet me altijd een beetje denken aan ‘Manisch Depressief’. Hoe dan ook, mijn pake heeft nooit moeite met die naam gehad. De Mousen hadden iets met de PTT. Mijn vader werkte daar veertig jaar lang en mijn pake, Manus Durk, was postkantoorhouder in Bakhuizen. Hij werd geboren in Hemelum op 9 januari 1871. Na tijdig het sacrament der stervenden te hebben ontvangen is hij overleden te Bakhuizen op 30 juli 1943. Mijn vader was toen 45 jaar. Vier jaar later zou ik geboren worden in Amsterdam. Enige tijd geleden werd mij een krantenknipsel toegestuurd. Het is een verhaal van een zekere ‘Master Twerda’ dat verscheen in de Balkster Courant van 14 maart 1996. Het gaat over mijn pake, de postkantoorhouder.

***

Dit is it portret fan Manus 
Mous, jierren oanien de 
postkantoarhâlder fan Bak
huzen. Syn heit, Durk Ma
nus Mous, wenne oan it mid
delpaed, fuort njonken de 
bakkerij fan David van der 
Werf, nou Jappy van der 
Werf. Syn hûs wie meiiens it 
postkantoar. It ‘plak dêr’t 
doedestiis de brievenbus 
yn’e muorre siet is letter 
tichtmetsele. Dêr is lykwols 
net folIe drokte fan makke, 
dat elkenien dy’t der letter 
lâns kaam, koe sà dat plak 
der út. In jiermannich lyn is 
dat âlde hûs ôfbrutsen.Bihalven postkantoarhälder 
wie Durk Manus Mous ek win
kelman. Suver in winkel fan 
sinkel gelyk. Suver fan alles te 
krijen. Boadskippen, mar ek 
brillen, tekstyl, ja alle soarte 
dingen, dêr’t mar wat oan to 
winnen wie.

Syn soan Manus, hjir op’e foto, 
doe’t er noch sa’n foege opslû
pen jonge wie, reizge mei de 
kroade de omkriten ôf en 
brocht sa hiel what guod út de 
winkel to plak. Doe’t dy in jier 
of achttjin wie, waard er help
post. Yn dy tiid koe er soms su
ver in hiele dei underweis wêze 
mei it bistellen. Letter – yn 1896 – 
krige ér in fêste oanstelling as 
bisteller. Dat hat er jierren west. 
Yn syn trouwen noch in jier of 
tsien. Dat foeI yn dy tiid net tá. 
It wie rinne en noch ris wer rin
ne. Sa hat er doe in skoft lang 
yn Aldegea en Nijegea (nou Ela
huzen) bistelle moatten en dan 
oer Harich wer werom. En dan 
net inkeld de dyk lâns, mar soms ek einen de lannen yn.

Wy 
kinne ús dat nou suver net 
mear yntinke. En hwat er dan 
soms net meimeitsje koe. Sa 
trof er yn’e Wâlde ris in boer, 
dy’t gans in ein de lannen yn 
wenne. Suver oan’e mar ta. Ma
nus Mous bliid dat er it sa moai 
trof. Nou koe er frij fan dat lan
ge ein nei dy pleats ta. Mar de 
boer sei: “Dû wurdst der foar bi
telle, dû bringst it ek mar top
lak. Ik rin mei dy op, hwant it is 
nou myn tiid om nei hûs ta”. En sa gyngen se togearre it lân 
troch, sawhat in kilometer fier. Doe kamen se by it lêste stik 
lân. Doe sei de boer: “Nou kinst 
my de post wol jaen. “Né,” ande
re Manus Mous, “ik bin der foar 
oansteld sels it spul toplak to 
bringen. Da jo sille noch efkes 
tiid dwaen moatte.” En sa levere hy de post oan de doar ôf.

Nei’t er in jier of tsien troud 
west hie, gyng er út it âlde hûs’ oan it middelpaed wei. Hy kocht 
doe it hûs dat er omboude ta in 
postkantoar. En dêr hat er doe 
wenne salang ’t er kantoarhâlder wie. 
Yn syn trouwen hat er it fytsen 
leard. Foar him in hiel gemak. 
Nou koe er folle flugger. En it 
sjouwen wie oer. De post kaem 
yn dy tiid mei de postwein fan 
de Winters fan Balk. Dat wie in 
greate wein mei slim brede hoe
pen, twa hynders derfoar, dy’t 
fan Wâldsein oer Balk, Kippenburch, de Boegen, Aldemardum, nei Riis tasette. Nei hotel 
Jans, doe de herberge fan Kampen. Dêr yn’e trochreed, de hin
ders hwat drinken en sa om 
wer what op ferhael to kommen 
en dan fierder oer Bakhuzen, 
Himmelum, Warns nei Starum 
ta. Sa’t ik al sei, it wie in aparte 
soarte wein: remmen op’e 
foartsjillen.

Manus Mous wie grif de earste 
fotograaf yn Bakhuzen. Hiel
hwat doarpsgesichten út’e Súd
westhoeke hat er fêstlein. Party dêrfan binne letter as aansichten forkocht. Hie wie in man 
mei in brede bilangstelling. In 
bulte dingen yn tsjerke en 
doarp socht er út. Sa hat er ris 
in lêzing hâlden, ik mien fan op 
in âlderjoun, dêr’t er it hie oer 
al de aparte fannen dy’t men yn 
Bakhuzen fynt en ut hokker 
kontreijen dy weikomme en sa. 
Sa woenen hy en syn freon An
dries Rampion de skiednis fan 
de parochy ris neigean. Dêrta 
moasten se hiel âlde doopboe
ken en sa brûke dy’t yn Ljou
wert feilich en goed yn it Ryksarchyf biwarre wurde.

Laat een reactie achter

(verplicht)

(verplicht, wordt nooit weergegeven)