Gysbert Japicxprijs en Friese beweging

INGEZONDEN BERICHT VAN EELTSJE HETTINGA

DE GYSBERT 2011:

IN BANAAL BEWEGERSRAPPORT

“Utjouwers en bestjoerders fan ynstitúsjes dy’t yn sjuery’s sitte: Kin net.,” merkt ES op yn in reaksje by in stik oer de Gysbert Japicxpriis 2011 op it bloch fan de Seedysksterfeartfisk (09-11). It is in konstatearring dy’t hout snijt. De foarsitter fan de Gysbert-sjuery 2011, skriuwer en Frysk Beweger Willem Verf, is yn alderhande bestjoers- en oerlisorganen behelle, ûnder oaren yn it bestjoer fan Tresoar, wylst datselde Tresoar besteld is mei it oansykjen fan kandidaten foar de Gysbert-sjuery, in saak dy’t dien wurdt yn ’e mande mei de Fryske Akademy, konkreet: mei Piter Boersma, skriuwer, leksikograaf en Frysk Beweger.

Oan de betingst fan in beskate ôfstân ta it literêre fjild, dêr hat men sa’t skynt net folle boadskip oan hân, teminsten, dit jier wienen der gjin sjueryleden fan bûten Fryslân, sa’t dat by de gearstalling fan eardere Gysbert-sjuery’s faak wol it gefal wie. Fan datoangeande hie de Gysbert-taspraak fan kultuerdeputearre Jannewietske de Vries, de frou achter it adagium ‘Finsters iepen’ in moai dûbele ynslach, want, sa seit De Vries yn har wurd by de útrikking fan de Gysbert oan Durk van der Ploeg: “Doch ris wat oars, ferlit jim eigen, feilige terp. Sykje nije foarmen fan gearwurking, mei minsken en organisaasjes dy’t miskien net foar de hân lizze.”
.
It rapport fan de sjuery fan de Gysbert-2011 hat in heech Bewegersgehalte. Sterker: út it as brief stelde skriuwen docht bliken dat Bewegers fan it slach Willem Verf net by steat binne om literatuer en Beweging út inoar te hâlden. Sa likernôch trijekwart fan it sjueryrapport giet oer oare saken as it bekroande wurk fan Durk van der Ploeg. Mar ja, soks liket Bewegers eigen: gjin gelegenheid of der moat in Fryske preek en skeet dien wurde. Yn dizzen giet it bygelyks om in hiele trits fan oanrikkemandaasjes oer de manier wêrop’t it oars en better kin mei it ferskynsel Fryske literatuer, yn it bysûnder mei de Fryske literêre prizen. Mar sûnt wannear is it de taak fan in Gysbert-sjuery om, sis mar, oer it literêre lyk fan de laureaat hinne, soksoarte Bewegersrapporten op te stellen? Wêrom bout in Gysbert-sjuery harsels om ta in ferkapte politike advyskommisje?
.
Oer de literêre kritearia op grûn wêrfan’t it wurk fan Van der Ploeg de Gysbert Japicxpriis 2011 taskikt is, krijt men net folle te hearren. Ja, platitudes fan it kaliber ‘in grut oeuvre’, ‘ferskaat oan ferhalen’, ‘in heech nivo’, mei fierders banaliteiten fan it alloai ‘hy skriuwt al fyftich jier’, ‘hy skreau mear as tritich boeken’ en oare hollerombom. De neamde begripen en útspraken wurde yn it sjueryrapport net of amper taljochte, om it oer alle oare omisjes mar net te hawwen. Oer de ûntjouwing yn it oeuvre fan Van der Ploeg? Gjin wurd. Oer de poëzy dy’t Van der Ploeg sa by de jierren lâns byinoar skreaun hat? Gjin wurd. Oer de twatalichheid fan de skriuwer? Gjin wurd. Oer Van der Ploeg syn plak binnen ‘it literêre fjild’ (Bourdieu)? Gjin wurd. Ensafuorthinne. It smyt de fraach op hoe kapabel dizze Gysbert-sjuery west hat.
.
Yn it artikel ‘Gysbert en de frucht fan de Fryske ynstitúsjonalisearring’ (de Moanne, 11-10) is steld dat kultuerdeputearre Jannewietske de Vries yn de nije kultuernota, dy’t wilens al mear as in jier op him wachtsje lit, in ferheging fan it prizejild foar de Gysbert Japicxpriis fêstlizze sil. De Vries joech by de útrikking fan de priis yn Boalsert al fêst in foarskot, dat is te sizzen: it prizejild wurdt mei 5000 Euro ferdûbele. Pet ôf. Mar by neier ynsjen dyselde pet fuort ek mar wer ôf, want it blykt dochs fierhinne in sigaar út eigen doaze te wêzen. In triomfantlike deputearre De Vries: “It bedrach kin brûkt wurde om in titel út it oeuvre fan de winner oer te setten yn it Nederlânsk.” Dat is net it earjen fan in skriuwer, nee, dat is it (fer)hoerearjen fan in skriuwer.

It belied fan Jannewietske de Vries en dat fan steatssiktaris Halbe Zijlstra, it past elkoar yn dit stik fan saken as broek en festje. Skriuwers moatte as keunstner de eigen broek mar ophâlde. Oftewol: As jo jo wurk oerset hawwe wolle, bêste mynhear Van der Ploeg, dan betelje jo dêr sels mar foar. In soartgelikens belied krije de literêre media optsjinne. It Letterenfonds mei fan it ministearje bygelyks gjin tydskriftbelied mear ûntwikkelje, de jildlike stipe oan papieren literêre blêden hâldt op. Dat giet fan Tirade oant en mei blêden as Ensafh en de Moanne. Foar de produksje fan essays, kritiken en resinsjes bygelyks, de sekundêre literatuer dus, sille de gefolgen desastreus útwurkje. Party skriuwers fan dizze sekundêre literatuer, minsken dy’t trochstrings toch al minder betelle krije as in koely yn in tankerskip, sil nóch minder oanstriid hawwe om har ta dit op himsels absolút needsaaklike wurk te setten. Dat euvel hat ek mei (!) in reden west dat in foar Trinus Riemersma ornearre jubileumbondel mei essays, kritiken en opstellen oer syn wurk der in noait net kaam is. Sa earet dit lân syn skriuwers, sa ferhoerearret dizze provinsje syn literatuer.

Hoe’t it lanlike belied fan Halbe Heale Soal Zijlstra útwurkje sil op provinsjaal nivo, dat bliuwt foarearst rieden. It wachtsjen is op de nije, lang bide provinsjale Kultuernota, foar de skriuwers yn Fryslân hooplik net ferpakt yn de wolbekende eigen sigaredoaze.

Eeltsje Hettinga, 11-11-2011

Laat een reactie achter

(verplicht)

(verplicht, wordt nooit weergegeven)