Boer Dieu over Goffe Jensma
DE SIETSE DE VRIES FAN DE LITERATUERWITTENSKIP
Jensma brûkt Bourdieu syn teory oer posysjes en reputaasjes yn it fjild en mient dan dat de ynset fan de De Vries-Mous kontroverse giet oer ‘hoe’t de Fryske literatuer as gehiel him oerein hâlde kin’, dêrby leit er in relaasje mei it spanningsfjild tusken de Nederlânske literatuer en it Fryske subsysteem en hy komt ta de konklúzje dat ‘De Vries besiket om de Frysktalige literatuer serieus te nimmen en te ûndersykjen op syn eigenaardigheden en mooglikheden’ wyls ‘Mous en syn groep [wa binne dat?] foar de foar de kritikasters fan bûtenôf steane.’ It ynterne konfikt by Wadman tusken it leauwen yn in Fryske literatuer en de libbensfetberens derfan tagelyk te befreegjen wurdt dus trochlutsen nei de posysjes dy’t De Vries en Mous yn harren strideraasjes ynnimme.
Ja, dat is fansels raar, want dan hie net it konflikt sa’t dat neijier 2009 op it net útfochten waard wiidweidich beskreaun wurde moatten. De oanlieding dêrfan lei yn ôfspraken dy’t net neikaam waarden, ien fan beide mannen hie gewoan op de fyts springe moatten om it út te praten: sorry, fleanende drok, ensfh, hoe losse wy dit op. De 2009-diskusje gie oer fan alles en noch wat mar oer ien ding gie it perfoarst net: de libbensfetberens fan de Fryske literatuer. As it dêrom giet, hie Jensma better refearje kind oan De Vries syn pleit om ‘woartels’ te sykjen: de wearde fan de tradysje en de reaksjes op dat pleit. Jensma hie de ynlieding by ‘It goud op ’e dyk’ fan De Vries en reaksjes as ‘De leugen op ’e dyk’ fan Eeltsje Hettinga en ‘Poezie en koeienstaarten’ fan Huub Mous oanhelje kind. Dy diskusjes gean oer literatuer en dêr binne stellingen (posysjes) ynnaam.
Jensma, mei wittenskiplike ôfstân, lit yn feite it hiele fjild fan Bourdieu lizze. As it giet om macht, posysjes en reputaasjes yn it fjild, dan sjochst net allinne nei it konflikt tusken Mous en De Vries, mar ek nei de omjouwing. Allegear partijen en ynstitúsjes, suver literêre en bûtenliterêre. Hoe ha de media reagearre, Tresoar, sjuery’s, resinsinten, wurkjouwers? Yn hoefier spylje rabberijkes in rol, mei wa wurdt oerlein, mei wa net? Hoe sitte de netwurken yn elkoar en hokker gefolgen ha de strideraasjes (eventueel) hân foar de posysjes en reputaasjes fan de opponenten binnen dy netwurken? Dêr sit in iepenbiere kant oan, sa kin Corporaal gebrûk meitsje fan brieven en deiboeken en tal fan publikaasjes, mar lang net alles wat fan belang is yn de beskriuwing fan in konflikt binnen it fjild is iepenbier. Dat sokke prosessen in rol spylje kinne, wurdt wol beneamd, Jensma slút it haadstikje ‘it literêre fjild’ der mei ôf, mar hy lûkt it net troch nei de Mous-De Vries-kontroverse.
Mei ‘wittenskiplike ôfstân’ beskriuwt Jensma de posysjes dy’t syn ‘haadrolspilers’ ynnimme, as soenen dy út it neat wei komme. Oer in artikel fan Mous as ‘Abe heeft een nieuwe baan’, mei ûnderdiel fan alle strideraasje, sprekt er him ‘wijselijk’ mar net út. In miste kâns, want mei Bourdieu yn it fesjebûsje hie dat moai kind.
Itselde jildt foar Mous, ‘pensjonado’ wêze docht der net ta, wat der ta docht is in putsje foar Tresoar of bygelyks it fersyk om in boek oer Reve te skriuwen en hoe’t it fjild reagearret as it misbeteart.
Der is noch wat oars mis mei Jensma syn artikel. Hy begjint mei de konstatearring dat der in soad trelit is en ek dat dat altiten sa west hat, dan, oan de ein fan it earste haadstik, stelt er de fraach dêr’t de rest fan it artikel in antwurd op jaan moat: ‘hoe kin soks’? Mar in beskriuwing fan de Mous-De Vries gedonder sa’t Jensma dy jout is noch hieltyd gjin ferklearring, ek net mei Bourdieu yn hannen en de konstatearring dat oer bepaalde ûnderwerpen (omgean mei de Twadde Wrâldkriich of de libbensfetberens fan de literatuer) wol earder yn de skiednis earder op it aljemint kaam binne is likemin genôch. Dat binne ynhâldlike saken, mar ‘trelit’ is wat oars en dàt as ferskynsel ferklearje, dêr wie it Jensma toch om begûn?
Dat Jensma net alhiel objektyf is yn it beskriuwen fan in konflikt tusken twa hearen, dêr hat Huub Mous sels al wat oer sein. Dat hy wol deeglik partij kiest, docht bliken út lytse dinkjes yn syn betooch. Sa seit Jensma oer Mous bygelyks ‘(…) en bekommentariearret no graach wat pleagerich de gong fan saken yn it kulturele en literêre fjild en dêrby mijt er him bepaald net.’ Dat lêste (jin net mije) jildt fansels ek foar dy oare haadpersoan, De Vries, mar yn dy syn beskiruwing komme sokke predikaten net foar. Ek wurdt neamd dat Mous De Vries ‘de kanker’ tawinske, oer de toan fan de Vries of it gegeven dat hy noch wolris privee-ynformaasje yn diskusjes behellet, wurdt neat sein. Dat binne subtile dinkjes, mar as Jensma werklik mei wittenskiplike ôfstân nei in resint konflikt sjen wol, moat er der al wach op wêze dêr net al te iensidich oer te berjochtsjen. Soks kin de wittenskip better oan Sietse de Vries oerlitte (zie: artikel LC, 29.4.2005).
Yn in lytse literatuer as de Fryske is net allinne sprake fan rolferminging – Jensma neamt it ferskynbsel as er beskriuwt wa’t Abe de Vries is – de ferskillende partijen sitte ek by elkoar op ’e gong, oan de taap en wurkje al of net tegearre. It is mar de fraach oft dan de nedige ‘wittenskiplike ôfstân’ beholden wurde kin. My tinkt fan net en dat docht ek wol bliken as Jensma, oan de ein fan it artikel, syn beide haadrolspilers mei de foarnamme tasprekt.
reactie van Boer Dieu op Eeltsje Hettinga over Goffe Jensma

Friese cultuur
15 juni 2010 op 19:32
Ik kan bovenstaande niet lezen. Gelukkig dacht ik tot nu toe voor mijzelf.
Maar nu moet het er maar eens uit: de Friese cultuur is geneuzel. Er gebeurt hier geen flikker. Alles is blijft hetzelfde. Het is een herhaling van zetten plus veel gezeur.
Alles wat een beetje anders is komt van buiten. Alle leuke en nieuwe initiatieven hier komen van Hollanders.
Ja, HOLLANDERS of desnoods van Duitsers, maar in ieder geval niet van Friezen.
Ja, dat lucht op!!!
Smots18: motu propu
15 juni 2010 op 20:43
Er gebeurt hier wel iets uit eigen motivatie
zo gebruik ik bijv. na ieder woord een spatie
er is een troubadour in Friesland die zingt
met toegeknepen stem alsof hem iets wringt.
Verder hebben we: realisme, realisme, realisme
vasthoudendheid, ondraaglijk utopisme
Friesland, dat is Anton Pieck ten voeten uit
de Friese Pan, bespeelt zijn eigen fluit.
En dit gaat alleen nog maar over het landschap
15 juni 2010 op 21:01
“Mooi Friesland dreigt lelijk Flevoland te volgen”
“Friesland heeft onlangs veel van zijn schoonheid en eigenheid verloren op het altaar van een vooruitgangsdenken dat zijn basis lijkt te vinden in de wens er bij te horen.”
NRC 15 juni 2010
Huub Mous
15 juni 2010 op 21:28
Tiedelie , tiedelie…. de rurale idylle
De Friezen tonen geen blote billen
Ze spelen het agrarische fluitspel van Pan
Maar hun stedelijke aard weet daar niks van
Zo is het altijd een dubbelspel
De boer en de burger, je weet het wel
Niet knielen, voor niemand, alleen voor God
De Fries is hybride, dat is zijn lot
driedubbelspel
15 juni 2010 op 22:40
goed ingepeperd en gezout
op dansbaardeun van bamboehout
klaargemaakt in een kwartier
komen de billetjes yn ’t spier