Edwin doet het met J-Wytske !

REACTIE VAN EDWIN DE GROOT OP ENSAFH

Ik bin in bange skiter. Alteast dat stelt immen yn in online reaksje. Under pseudonym J-Wytske weeft dizze persoan ôf mei de redaksje fan it ienichst literêre Frysktalige tydskrift Ensafh. Al ferskille dêroer ek de mieningen.’t Is wol in talint hear, dy J-Wytske, sy/hy skriuwt it aardich op en ik moast der ek wol om gnize. Mar de fraach dy’t it by my opropt is, hoe skiterich is immen dy ‘t ûnder in pseudonym teksten online smyt eins sels. Wêrom eins anonym? Wurket it faaks as in befrijing? Alles roppe kinne, sûnder ôfrekkene te wurden. Je soenen it de anonymus freegje moatte, mar ja, dêr sit it him op fêst. De foardielen foar de anonime blogger binne de neidielen foar dyjingen wêr ‘t it oer giet. Anonym reagearje is lef, lekker skelle en je dan de kont der foarwei draaie.

Nee, dan leaver in Mous, in Schotanus, in van der Wal ensfh. dy’t har opponearje ûnder eigen namme.Under eigen namme skriuwe twingt om serieus mei de feiten om te gean en sjen te litten dat je in diskusje net út wei gean wolle. Krekt in lytse mienskip as it Fryske bloglân kin dy iepenheid wol brûke, tinkt my, al fleane ek de net anonimen wolris út ‘e bocht.Mar toe mar, dat hat dizze “moraalridder” al earder opmurken. By my wurket it lykwols ek noch in kear sa dat ik it gefoel krij dat de anonime blogger/reagearder him/har ek sels net alhiel serieus nimt, eangst hat dat syn/har miening nearne op slacht en foarkomme wol dat dat him/har neidroegen wurdt.Sûnder de froulju tekoart dwaan te wollen, mar it sprekwurd is efkes net oars: In man, in man, in wurd, in wurd.

Boppedat, tinke dat eat echt anonym is, is in fersin. Der bliuwe altiten spoaren efter.It spoar fan J-Wytske giet fia it IP-adres nei ……. No ja, lit mar, ik wit it, de redaksje wit it.  Sitte wy dêr no mei syn allen op te wachtsjen; In kultuer/klimaat wêryn ‘t je net echt fertrouwe kinne op wat men no echt tinkt. Ik lit it lykwols hjirby, haw wol wat betters te dwaan mar daagje alle onliners op en brûk de eigen namme. Iepen fizier. En J-Wytske, de kofje stiet klear, kom ris del en dan ha wy it der oer.

zie en luister

12 Reacties »

  1. N.N.

    10 januari 2010 op 21:06

    Edwin besjocht de saak fan de anonimiteit fan ien kant. Hy sil wol net:
    1. bern of oare famylje hawwe op kwetsbere
    posysjes;
    2. geregeldwei belle -of skreaun – wêze mei
    bedrigings yn allerhande tongfallen, ûnder
    oaren troch lju dy’t de Westerske R. net sizze
    kinne of dy krekt heel superkorrekt útsprekke,
    lyk as de direkteur fan Forum;
    3. geregeldwei yn stinnerige Fryske fermiddens
    wêze dêr’t jo allegeduerigen oan de grize
    mjitte foldwaan moatte;
    4. yn ‘e gaten krigen hawwe dat de measten dy’t
    wol ûnder eigen namme útkomme no net it
    measte te sizzen hawwe. Gauris in pear
    rigeltsjes mei folslein neatsizzende wurden.
    Helendal foarsisber of allegear leuke humor.
    Fersliten as wat, mar wol leuke humor
    hear.
    Hy soe ris nei it gehalte oan nijsgjirrigens fan
    eigen teksten sjen kinne;
    5. tinke oan lju mei in bysûndere namme as
    Poepjes of Zondervan: wat is no De Groot?
    As er der De Groat of De Grut fan makke, ja
    dan hied er in moedich stikje.
    Lûk net in te grutte broek oan E.

  2. Elske Schotanus

    10 januari 2010 op 21:15

    De Groot wit it, de redaksje fan Ensafh wit it en ik soe der rjocht op ha te witten wa’t de leffert is dy’t ûnder pseudonym skriuwt.

    Sokken ha ien foardiel: se rinne yn alle gefallen net it risiko juristen fan de VvL om ’e doar te krijen.

    Der kin draaid en ferdraaid wurde. Sa wurdt my, anonym, in fyzje opkrongen as soe it mines wêze.
    Wat te tinken fan de bydrage, ûndertekene mei ‘heite faem’, op De Vries syn log? Ik sitearje: “Elske, wêrom soene de skriuwers -bedoelst praters?: sa folle ferskynt der net- mear subsydzje hawwe moatte? Wolst hjir in DDRtastân mei alle keunstners oan it jaar? Wolst nearzich keunstnersbelied dat eameljende keunstners mei seeën fan tiid tylt, yn stee fan it folle útdaagjender en rjochtfeardiger keunstbelied?”

    Net allinne is ‘Heite faem’ syn stikje net helder formulearre, hy/sy lult mar wat as er mient dat ik earne sein ha soe dat alle skriuwers en/of keunstners subsydzje ha moatte soenen. Soks ha ik nergens beweard en it strykt likemin mei myn ideeën oer subsydzjesystemen.

    As de echte Jannewietske dêr benijd nei is, noeget se my mar út foar in petear.

  3. D. S. Wije

    10 januari 2010 op 21:27

    Vreemde gewoonte om iedereen bij de voornaam te noemen. Wie is die Edwin?

    De N.N.-bijdrage begrijp ik trouwens niets van. Allerlei hints, maar weinig concreets. En wat niet concreet is, is evenmin geloofwaardig, laat staan verifieerbaar.

  4. Huub Mous

    10 januari 2010 op 21:44

    Om met Reve te spreken: Kortomo, niks aan de handa. Hoewel, pollens! De vraag blijft natuurlijk: Wie is J-Wytske? Ik heb wel een vermoeden. Ik denk dat J-Wytske niemand minder is dan Elvis ! En wie Elvis is, tsja, dat weet alleen ik. En Cornelis van der Wal natuurlijk. Tenminste, die weet het IP-adres van J-Wytske. Als Knilles dat nu even naar mij door-mailt, dan kan ik checken of mijn theorie klopt en J-Wytske inderdaad Elvis is. Kom op Knilles, zo kan het niet langer. Aan deze achterdocht moet een einde komen. We can’t go on together with suspicious mind!

    http://www.youtube.com/watch?v=SBmAPYkPeYU

  5. D. S. Wije

    10 januari 2010 op 22:42

    J-Wytske schrijft een paar dingen die niet bepaald doen vermoeden dat het om ‘Elvis’ zou gaan. J- Wytske heeft duidelijk iets tegen een aantal mensen. Wellicht zit er onder de burka iemand die graag wil dat de verdenking een bepaalde kant op gaat. Is Elvis – wie dat dan ook maar mag zijn – ingevoerd in het wereldje van Fries ‘literaire’ kinnesinne? En dus verdacht?

  6. Huub Mous

    10 januari 2010 op 22:47

    Elvis heeft geen suspicious mind. Elvis heeft een masker op. Elvis was op het Bal Masqué. Elvis heeft iets met haar masker. En Elvis kan goed schrijven.
    http://www.huubmous.nl/2009/11/22/de-zaak-blauwhuis/

  7. poirier franca

    10 januari 2010 op 22:49

    Als ik de kettingen van de ophaalbrug over de achterste kasteelgracht hoor knarsen weet ik mij betrapt: zonder het te melden ben ik haar tuin via een geheim pad ingelopen. Even later bevestigt zij mijn licht schuldgvoel door mij het kopje met de minste koffie aan te bieden en zelf het bijna tot de rand gevulde te houden. Zij weet dat ik bij onze ontmoetingen houd van speelse elementen.De beide kopjes staan op het zelfgemaakte dienblad van beukenhout uit de eigen tuin. De vorm en het materiaal kunnen niet soberder zijn en toen ik het voor het eerst zag trof mij de organische schoonheid. In het tikje op haar hoofd heb ik mijn waardering laten blijken. Wij weten dat gevoelsvervangende woorden dikwijls storend zijn.
    Voordat zij bij mij kwam staan is ze blootsvoets door het bed met Corsicaanse munt gelopen.Het is een hoofs, middeleeuws gebruik om gasten welkom te heten. Zij is biologe en wij spreken over de ecologische dissertaties die over de eeuwenoude eik zouden kunnen worden geschreven. Ik kijk met de verrekijker naar de top van de perenboom om er de rijpe, kersgrote peren te ontdekken. “Het is een poirier franca”, zegt zij, “een halfwilde boom waarmee ik mij sterk verbonden voel. Kom nou toch es tijdens de bloei, eind april, en je zult zien hoe wit wit kan zijn”. Wij zijn zielsverwanten.

  8. Huub Mous

    10 januari 2010 op 23:39

    As the snow flies
    On a cold and gray Chicago mornin’
    A poor little baby child is born
    In the ghetto

    Elvis

    http://www.youtube.com/watch?v=2Ox1Tore9nw

  9. edwin

    11 januari 2010 op 21:06

    Hé N.N.
    1. In posysje is sa kwetsber as jo him meitsje wolle.
    Faaks is sa’n posysje it net wurdich en hâld him oan.
    2. It liket my freeslik ta bedrige te wurden, mar sels dan. Stilbliuwe om ‘t in stel omkoalen der oars oer tinkt. Never! Fan bûgjen frjemd, blinder!
    3. Wêrom dêroan foldwaan wolle. N.N?
    4. En anonimiteit bepaalt c.q. ferheget it nivo fan wat der sein wurdt? In frjemde tinkwize….
    5. By 4. wie ik jo krekt noch net kwyt mar no by 5 snap ik der neat mear fan.

    En ik lûk in te grutte broek oan om ‘t ik ûnder eigen namme sis, skriuw wat ik tink. Lis it my út, N.N. Trouwens, leaver in te grutte broek oan en stean foar josels (en dat hoecht perfoarst net ûnbeskoft), dan yn in maatpak kontkrûpe, no.

  10. edwin

    11 januari 2010 op 21:34

    O, ja, noch efkes:
    Ik hear it guon al tinken. Dy De Groot wie dochs kapt mei syn weblog om ‘t it klimaat yn bloglân him net noaske. Yep, kloppet noch hieltiid. Mar dat betsjut net dat ik neat mear fyn of tink. Faaks fyn of tink ik noch wol mear, no ‘t ik tiid oer ha.
    Dat sa. Is dat ek út ‘e wei. Broekmaat 34 en dan hâld ik de búk net yn.

  11. elvis

    11 januari 2010 op 21:45

    Elvis werkt zich al weken uit de naad aan Graceland langs de waddenzee. Stript hiertoe muren, spijkert gipsplaten, legt leidingen en drinkt dagelijks koffie verkeerd in de meest obscure plaatselijke kroeg.
    Elvis heeft heel geen tijd voor brieven, laat staan in ‘geef Frysk’….

    Bovendien… J-WYTSKE, wat een kutpseudoniem!! Elvis is wel de laatste die zich onder een dergelijk provinciaals burkaatje zou willen verstoppen.

  12. Huub Mous » Elvis is niet J-Wytske. Wie dan?

    11 januari 2010 op 22:03

    [...] OP MIJN LOG EDWIN DOET HET MET J-WYTSKE Elvis werkt zich al weken uit de naad aan Graceland langs de waddenzee. Stript hiertoe muren, [...]

Laat een reactie achter

(verplicht)

(verplicht, wordt nooit weergegeven)