De frjemdste fûgels komme út Paris
it jout ús in oertsjoegjend wetterticht bewiis
in Fransoas is lang noch net in nofteren Fries
Napoleon koe doedestiids al net oer Fryske tsiis
Hja dronken noait ris sûpe mar wyn of sjablys
en bûtendat fine Frânsen greauwen fys
helje betiden in droege stokbôle út harren falys
geane noait út kuierjen op Snein yn it bosk fan Rys
Se dogge net oan sport, sjochtst se noait op ‘t iis
se sjitte mar om raak op ljip, ljurk en skries
Europeeske ynbring stelle se net op priis
fergrieme har talint op Sint Helena, wat in griis!
Smots
9 januari 2010 op 10:59