Wie is J-Wytske?

ONDERSTAANDE REACTIE VAN EEN ZEKERE ‘J-WYTSKE’ VERSCHEEN OP HET WEBLOG VAN CORNELIS VAN DER WAL

Elske rules!

Och, dy Edwin de Groot. Hy is nei in blaumoandei ophâlden mei syn webloch ‘Haskerlûd’. Tige spitich, sizze jo? No, net echt. Want dan moatte jo earst oanjaan kinne wat wy no krekt misse oan de harsensspinsels fan Edwin.

Dit Ensafh-redaksjelid anneks moraalridder miende dat er it allegear sa goed wist. Hy joech Abe de Vries it leksum doe’t dy fûn dat Mous te fier gie. Mar De Groot hie him lykas guon oare taskôgers net ferdjippe yn de saak. En dat wie oars net sa dreech, alles is ommers sa maklik nei te gean yn it digitale tiidrek. Dat die Edwin him net oan tiid.

Hawar, de Vries moast net seure want dy hat sels ek in grutte bek, en elk wit dochs wa’t Mous is? No dan. Wês in keardel en net sa sneu dwaan, hear. Dat De Vries swier misledige waard en nuver genôch hast net reagearre hat, makke de analyze fan de Groot allinnich mar dommer. En hy kin it no wer net litte om, ek al leit de saak al wiken stil, der dom yn om te reagjen en minsken te belûken by saken dêr’t se neat mei te krijen ha. In weblogger dy’t net lêze en neitinke kin, mis ik persoanlik net. Nee prate oer slimmer wrâldproblemen lykas Kopenhagen, en de bio-yndustry…ja, minsken dat is pas ferskriklik.

Dus, Edwin, do fynst it hjir te nearzich. Elske Schotanus hat neffens my IEN kear dyn namme neamd yn in stikje oer de redaksje en de ynhâld fan Ensafh. En wat blykt: nei in pear rûntsjes riden op de iisbaan yn it Fean hellesto dyn loch út de loft. Ik sis it net gau, mar Elske Schotanus hat gelyk as se it hat oer it redaksjonele ûnfermogen fan Ensafh. Se wolle dêr graach trochgean foar literêr tydskrift, mar dat it krekt wat mear ynhâld hawwe moat as in gesellichheidsklupke, dat ha se blykber net yn de gaten. Dat Captain Piter Boersma dêr nei al dy jierren noch altyd foar master opslacht, is net te leauwen.

As Piter aanst dea delfalt, hoecht literatuer- en poezijminnend Fryslân gjin noed te hawwen oer Ensafh, want neffens Edwin de Groot hat de redaksje potinsje genôch om him te ferfangen. Hmm, wa soe er op it each hawwe? Himsels? Of dochs in oar…?

As we it sykje moatte yn it fermidden fan de besteande redaksje, dan meie we de bûslampe der wol by ha. Edwin de moraalridder is eins in bange skitert. Jelma Knol is ek al dubieus. Hja wurket foar de Friese Pers Boekerij, de útjouwer fan Ensafh. Se soe better witte moatte, de twa petten dy’t se op hat steane har op fleanen. En ek noch argewaasje mei in saneamd ‘mizerich mantsje’? Ik miende dat dy syn poëzije der wol op troch koe, mar dêr giet it de redaksje fan Ensafh blykber net om.

Jacobus is sa leaf. Gjin kont yn de broek. Mar wat soe it wêze? Jo ha ek gjin lêst fan de man, dus foaral moai skowe litte. Muoike Greet en buorfrou Janneke ha leaver gjin drokte. En sis, dy Imke Hooijenga, wa is dat eins? Nea wer wat fan har lêzen sûnt it iepeningsnûmer, no hast in jier lyn. Moai stikje hear, mar stiif, sa keurich. Kreatyf falt it net te neamen en it is it iennichste wat dizze Hooijenga ea presteard hat. Wol in swiere funksje binnen de redaksje foar sa’n lichtgewicht. Moatte we de kreativiteit dan ferwachtsje fan Sito? Tsja, wat tinke jo der sels fan? Ach, nee…Sytse? Ik wit it net, sizze jo it mar. Nei myn betinken is dizze redaksje in foarbyld fan ynhâldsleazens, fan ‘griismûzerij’, fan inoar foaral lekker nei de bek prate mar gjin werklik nijsgjirrige fyzje hawwe op literatuer en keunst. We binne no in jier fierder mar wêr, yndie, is de taseine fernijing, lykas Elske Schotanus skreau? Nee, de belutsenens fan de redaksje fan Ensafh giet net fierder as wat hinne en wer praterij binnenskeamers.

Mar goed, no moatte we fansels net allinnich mar seure en lekskoaie. Want dat is no wer te maklik. Wa’t de bek iepenskuort, moat ek syn ferantwurdlikheid nimme. Oer wa’t ik it ha? Net oer Edwin, dy lit ús raar sitte. Ek net oer Koos Tiemersma, dy’t fynt dat er syn plicht foar it heitelân dien hat. En De Vries is wizer en makket de lêste tiid foto’s, skriuwt nije poëzije en publisearret blykber it leafst op syn nije loch. Dat rommet allegear dus moai op.

Dus Elske, wêrom giesto eins net yn de redaksje? Nim it oer, begjin in revolúsje, in diktatuer! Do bist de iennichste dy’t krekt wit hoe’t it al moat, dochs? Yn dit lân fan blinen is Elske keninginne. Elske rules!

zie en luister

2 Reacties »

  1. Huub Mous » Edwin doet het met J-Wytske !

    10 januari 2010 op 19:15

    [...] OP ENSAFH Ik bin in bange skiter. Alteast dat stelt immen yn in online reaksje. Under pseudonym J-Wytske weeft dizze persoan ôf mei de redaksje fan it ienichst literêre Frysktalige tydskrift Ensafh. Al [...]

  2. Huub Mous » Is J-Wytske een travestiet?

    11 januari 2010 op 20:19

    [...] lit him ferdwine as hat it ‘amusante lichte stikje’ der nea [...]

Laat een reactie achter

(verplicht)

(verplicht, wordt nooit weergegeven)