Dialogen met Smots (part 3)

Smots
LASERGUN
Laser gun ik eltsenien
in stroomstjit yn it krús
en bygefolch in spontane berte
in embryo neffens de offerte.

Neffens Jung ek hawwe jo ferlet fan erotyk
yn in kelder, kiste, of tsjustere portyk
in herdersjonge sjocht jo oan
en sprekt alhiel op religieuze toan

Seine foar ‘e Deutung fan ‘e dream
ek al stiet der op ‘e pimel aardich stream
op ‘e wrâld is alles like bryk
och ja, set de boel mar oan ‘e dyk.

Ego

Jo hawwe gelyk Smot, jo kinne net alles witte
Der is mear tusken earde en himel
Dan tusken de kut en de pimel
De dream moatte jo dêrom de dream litte

Mar bytiden dan dream ik dat ik it wit
Dan sjoch ik alles tusken earde en himel
Dan sit in de ierdiske kut in godlike pimel
In wiete dream is in peal wêr de wierheid in sit

Smots
Meastal kopulearje ik it hiele jier
De hypofise is in wurksame klier
Ik haw gjin email op myn rêge stean
Mar gean wol gauris út ‘e klean.

Yn Fryslân bloeit in soad talint
Fan Anneke Douma oan Harmen Wind
en wa’t dan noch net by in psychiater rint
wurdt wol as fantoom bemint

De kul is wol it lêste plak
Hja is foar eltsenien fan grut gemak
It is in ding dat altyd stiet
De frou hat dan de fuotten wiid

Ja Fryslân hat in soad talint
Al wurdt ik njonkenlytsen wat demint
Ik kopulearje alle dagen noch like rêd
Ja Fryslân haw ik daagliks yn myn bêd.

Ego

Mei it pompeblêd geane wy op bêd
De Afuk leart ús ‘praat mar Fysk!’
Wy pompe dan ek genealogysk
Want wy binne nuver op dit mêd

Talint is hjiire gauris wat âlder
Friezen smite it oer de balk
of blussen it yn wyte kalk
en goaie de kul oer it skouder

Yndie, de kul is ús fan grut gemak
Wy pompe dei nei dei nei dei
In nije dei is ek samar wei
De Afuk jout eltsenien syn gerak

Ik hawwe in kul fan de Afuk krige
Hy docht it tige, tige goed
ik haw it faak al dien hjoed
Yn geaf Frysk: fjouwer kear yn’e rige

Smots

Tank o foar jo oprjochte wurd
Ik fiel it al oan myn Fryske wêzen
Myn pompeblêd wurdt read en hurd
T’is tiid om de fryske bibel te lêzen

Ja dy âldens, is it net in griis
Hja ferhâlde har as âlde tsiis
It stjonkt betiden nei de kul
Sâltich rûkt it hiele spul

Mar goed ik bin ek hypokryt
Haw wol gauris oprjocht spyt
Oer dat ik it heitelân beskimp
Fandêr dat ik de pimel pimp

hulde oan geasten sunder grinzen
Hja binne mear keunster, frette linzen
De wiere dichter is in slet
Hja rinne om, mar witt ‘ it net.

(…)

Smots
De bal is foar de minsk in metafoar
Hy komt fan boppen, rûn en hurd fan lear
Kom nim de clubgenoat dan noch in kear
Under de brûs as bruorren yn/op mekoar.

It foarsetsel ‘ûnder’ hie hjir better wêst
want ek moslims spylje op ‘e bal
Sa is it mei it hegere altyd it gefal
ûndermekoar binne bruorren op har best.

Ego
De bal is metafoar en fuotbal is de oarloch
sa as ús Rinus doettiids faak sein hat, dat
hy altyt wist wêr Abraham de moster hat
dat Ajax in klub fan Joden wie, en dat troch

dy kloate oarloch, dy’t ferlenne wie fan de mof,
Ajax grutter wurde koe: in protte jild yn’e kas
‘Hamas, Hamas. Hamas, de Joden oan ‘t gas!’
mar se wurde kampioen! Sa wier as it was.

Smots
As ik in dolfijnebaby wie
dan naam ik de bal op ‘e snút
ek al spuitet der walfisksied
binne je der eefkes hielendal út

Ik swim op see efter in skipke oan
like lang oant ik bin ferstoarn
mar Ajax ferjit ik nea
al wurdt Great Ocean myn dea.

Ego
Pas maar op, Smots, dat jimme
de bal net fan’e snút ljit waaie
oars bisto foar de haaien
dy kinne folle better swimme

Do bist net goed in wetterpolo
Dat is mear wat foar de froulju
dy winne ‘it goud op’e wei’, ju
krekt as dy Abe mei syn poëzy-solo

Smots
In solo stiet gelyks oan it ferstjerren
men docht it sels yn alle iensumens
It hert dat tikket nei behearen
it is de tol foar lydsumens

Ja ik haw it heard it hiele stik
mar ik freegje my net ôf fan wa bin ik
want stjerre docht men yn it iepen wak
sa skriuw ik oant myn lêste kwak

‘Kwak kwak kwak’ sjongt Eeltsje och sa moai
mar ik sit yn in einekoai
Dat ‘kwak kwak kwak’ dat stie my by
as it bêste út de Fryske poëzij

In ein is pas in ein yn iepen wak
en skriuwe doch ik mei gemak
fermoardzje docht men hjir mekoar
mar Friezen steane nearne foar

Ego
Ik kin allinich Kwik, Kwek en Kwak
fan de Donald Duck, dat is ek poëzij
Sterker noch: grutte keunst, as Reve sei,
Sa komt eltsenien oan syn gerak.

De keunst is flauwe kul
Dat is it geheim fan ‘e smit
dat der niks oars yn sit

niks oars as slap gelul


Smots

Jawis, úteinliks wirde stalcke.. giet it om
jo riede it al , de pimel en de prom
want elke skriuwer wol wol graach fan bil
Anny gm Schmit wie dy net oan ‘e pil?

In eigen hús dat hat men net
Ek al as men omrint as in slet
In plak ûnder de sin sin sinne
lit uwz sabbje sobbje en stinne

It bêste yn ‘e Fryske literatuer is wol de kul
in produkt dat altyd stiet ta oan de mul
hea berjocht fan keunstwurk yn ‘e bus
moarn yn Ljouwert komme moat ik dus

Tige tank dat jo wer oan my tochten
wane my yn in provinsje mei gewrochten
myn hús stiet al te keap by Geart
mar moarn dan ryd ik op ‘e Bonkefeart.

Refr.
Bonke bonke …feahert

(…)

Smots
De goddelike boadskip komt ús ek ta
Boalsert wol ek wat nijs yn it museum ha
In gipsbyld docht tefolle on Baäl tinken
Wa wol ús dan in echte hilige skinke?

In ingeltsje, ja dat is in skoander plan
In wyfke, leaver dan in man
Dan kin ik har fan út ‘e hús besjen
Want wa’t net fan hilligen hâldt, dy is ferlern.

It waar is no sa tsjuster it plein is wiet
Sjoch’k Gabriel dy’t bûten stiet
De wjerljocht batst hjir yn in beam
De ingel is sa wyt as reame.

Ego
Dy Ingel sil grif ek wol yn Boalsert komme, Smots
It Fryske Rome fan it Noarden is sa Roomsk as wat
jo hawwe dêr de hillige Titus Brandsma en dy hat
alle ingelen fan ‘e himel en sels Petrus op syn rots

Dêr is gjin stêd in’e wrâld dy hilliger is as Boalsert
Ik sjoch in toer en ek de Broeretsjerke sûnder dak
ik sjoch in stêd dy dreamt, mar sûnder kâlde kak
Hjir is God noch, dy’t al jierren wei is út ús Jorwert

Smots

It waait in stoarm yn myn tinsen
Yn dit ferrekte lege lân
mei in soadsje kophalsromp en stinzen
ferfljocht de geast yn ûnferstân.

De wyn dy bolderet sûnder doel
Myn wite fingers hawwe gjin gefoel
It focht dat krûpt my yn in skoech
It fjoer dat ienris yn my loech

Bûten by de rúten stiet in ingel
it is Gabriël fan it Titus Bransmahûs
Hy stiet dêr fakentiids de bingel
Ik haw hjir hil’gen by de rûs

Ik haw hjir hil’gen by de rûs
In moaie rigel om nei te migen
troch in ‘talint’ út eigen hûs
Heare jou ús orizjinele rigen

Ego
De wyn raast oer Boalserts daken
De wolke flean út it wolkenboek
En de dúvel leitst op eltse hoek
En ’t hûs fan Titus begûn te krake

De stim fan de ingel waait yn’e wyn:
‘Hjir bin ik’,seit er,’ Wêr bisto?
Ach Smots, it is al lang lyn
Hjir bin ik, wêr bisto. It is te lang lyn !’

It hûs fan Titus swypt hjin er wear
De pannen falle fan de daken
Se koene sels de minske raken
En de ingel seit :’Wat docht it dochs sear’

‘Eltse kear opnij, as ik d’r wer oan tink,
Doe’t ik dy seach, Smots, lang ferlyn
Hjir bin ik, wêr bisto, It is te lang lyn
Wat docht it dochs sear, as ik d’r wer oan tink’

Smots
Ik hâld fan dy sa asto bist
Ik sjoch dy ik ken dy eltse kear op nij
Do bist lykas de Ingel Gabriël en Titus ek
Eltse kear op nij rint my de fytsbân lek.

Hoeooe oe oe hoe oe ,hoe oe oe hoe oeh
Ik haw noch hieltyd in goed gebíhít!
En yn it ear wer in gehoarapparaat yn síhít!
Eltse dei op nijhij, rop ik de grutte Manitûhû

Wat doch it dochs sear dat ik yn Fryslân bin
Ik ferstean de Fryske taal bytiden likemin
Wat docht it dochs sear dat ik der neat fan wit
dat ik hjoed sûnder nikotinepleister sit

Boehoehoe hoe oe, hoe oe oe , oe
Dêr rint er, dêr sweeft er, dêr sjongt er
Eltse dei op nij yn ‘e pastorij
Freegje my net hoe…

Ynstrumintaal fierder…

Smots
IT HEIDENDOM
Ik rin betiden wolris troch it Heidenskip
Wittende dat ik it ferstân it liif út swit
It Heidenskip dêr sjocht men alle kanten út
Yn gjin fjilden in saakkundige, gjin statút.

Op in loch sit men ynoar tefolle op ‘e lip
Men ferfold himsels troch wittenskip
Sein und Zeit fynt men yn’t Heidenskip
Rinnendewei troch de dea ferliede lit.

Ego
Dat is krekt wat ik sizze wol
Heidegger hat alles al sein
It dichten is in form fan ‘Sein’
En ‘wohnen’ dochtsto yn in hol

De taal is it hûs fan’e siel
mar in stêd is in stêd is in stêd
Ik binne noch mar krekt fan bêd
en typ al wer wurden yn dit gepiel

Smots
Yn it Heidenskip is it ’sein-zum -Tode’
‘In- der- Welt- sein’ fynt men yn ‘e stêd
Oan myn lul haw ik in elektrode
Wie it ek in skok sa betiid fan bêd?

Nee ik wol it hiele stik noch lêze
Want yn Ruslân haw ik ek wol rûn
Lykas Rilke mocht ik dêr graach wêze
Ruslân bliedet as in iepen wûn.

Jo ha gelyk ik doch mysels te koart
It is it lytse doarp dat my fertart
Mar ek al is en bliuwt it ek in hoal
De stêd dy wurket as in hyperboal.

Ik moat om hin de karre stiet wer klear
De karre fan Jan Krist, syn hin is allerbêst
Ja tongersdeis de merke, ik haw gjin rêst
Ja de wurklikheid, wat docht er dochs sear

Smots
DE VIERDE MAN
Ik lies it boek wer, in stikmoanne lyn
Rekke wer yn ‘e ban fan dy Kristyn
Fansels dy link mei de hillige faam
Dy’t Reve mei gemak in pear kear naam

De fierde man dy’t net al te hetro wie
Preau noch wol it faakst fan skriuwers sie
De hilige faam wie doe al fan it toaniel
Want in fierde man jout oars in soad gepiel

Ik wachtsje thús ek op in hillige faam
de post komt alle dagen troch ‘e daam
Op Relaasje Planet seach ik har it lêst
In fûgel skyt wol faakris yn it eigen nêst

De boadskip kaam op my wol oer
De hillige faam beminne is in toer
Foar’t je witte sitte je yn in glêzen koai
Ek al is de faam noch wol sa moai

Ego
Jo moatte dat oars sjen, Smots, in faam
is net oars as in man. It is ién pot nat.
Of jo troch de hûn biten wurde of toch de kat
de ien hat in piemel en de oar in telraam

It binne de sinten dy de faam bringje kin
in armoed libje is ek net it eldorado
ik witte it goed, want ik bin no pensionado
In hoanne hat it jild nedich fan de hin

As do ferstannich bist, dan is it moai
in faam is in goed stuk hûsried, sa is it !
Net allinnich in it koken, mar ek, asto it wit
yn it bêd fan it hûs as in glêzen koai

Mei dat Relaasje Planet geane jo troch
Mar sizze net wat ik jim sizze wol
oars krijest do neat, en wei is de lol
dan hasto in kat yn’se sek troch dit log

Smots
Op relaasjeplanet stean ynskreaun as Pyt
Oan reaksjes haw ik neat te koart
Mar meastal krij ik it ferwyt
Jo andert wie wol wat apart.

Meast skriuw ik dat ik Fryske dichter bin
En sokken binne foar hast alles op ‘e rin
Ik haw noch nea de hillige faam ferlieden
De Fryske dichter, hy stiet foar in hikke ta te rieden!

Wat doch ik eins op dy planeet
De hillige Marije sjocht my dochs net stean
Je steane dan as dichter yn ‘e bleate reet
De paus hat myn communy strang ferbearn

Dus jo tinke ik moast dochs mar oan ‘e man
Mar dy binne my te hierrich, niks derfan..
Nee de hillige faam sil my ‘befrije’
Want seine fan ‘e paus kin elk wol krije!

Zie en luister

Laat een reactie achter

(verplicht)

(verplicht, wordt nooit weergegeven)